Fries flagget Barcelona-Porto

24 aug 2011 - 10:10

Erwin Zeinstra út Dronryp is freed assistint-skiedsrjochter by de finale om de Europeeske Supercup. Dy fuotbalwedstryd giet tusken FC Barcelona en FC Porto. De wedstryd wurdt hâlden yn Monaco. De Nederlânske Björn Kuipers is de skiedsrjochter.

Zeinstra hat dit jier in goed seizoen. Hy flagge yn juny noch by de finale fan it WK fuotbal foar ploegen ûnder de 17 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)