Jild mei stellen pas opnaam

De plysje hat kamerabylden frijjûn fan in man dy't jild pind hat mei in stellen pas. De pas wie fan in man (82)út Drachtsterkompenije. Ein juny praten in ûnbekende man en in frou har nei binnen yn it hûs fan de âlde man en se stellen jild en in bankpas.
De stellen pas is yn Hengelo troch in man brûkt. Hy hat in grut jildbedrach fan de rekken opnaam. Fan de man binne bewakingsbylden makke dy't de plysje op de www.dadergezocht.nl pleatst hat.