Klacht oer Jeugdzorg terjochte

© Omrop Fryslân
De nasjonale ombudsman fynt dat Bureau Jeugdzorg Friesland net goed past hat op in jonge dy't ûnder tafersjoch fan Jeugdzorg steld wie. De pake fan de jonge hat klage by ombudsman Alex Brenninkmeijer en dy fynt de klacht terjochte.
Jeugdzorg moat sels de rezjy oer de soarch yn hannen hâlde en der op tasjen dat bern ek werklik soarch krije. De klachten fan de pake oer de soarch binne troch Bureau Jeugdzorg ek net goed behannele, fynt de ombudsman.