Libiërs yn Fryslân ûngerêst

Heit en soan Al Zurghani yn it AZC (foto Omrop Fryslân/Onno Falkena)
Lybiërs yn Fryslân libje fûleindich mei mei harren famylje en freonen yn Libië. Dêr wurdt al dagen fochten yn en om Tripoli. De famylje Al Zurghani wenje sûnt in jier yn it AZC fan Burgum en sitte wakker yn noed oer de minsken thús.
De famylje Zurghani wol op termyn graach werom nei Libië, mar dan moat it dêr earst wol feilich wêze. Se wolle nei in Libië sûnder Ghadaffi, mar sa fier is it no noch net.