Mokselbanken dogge it striemin

De oanlis fan de mokselbanken
It giet striemin mei de mokselbanken yn de Waadsee. Kamera's op tsien meter hege peallen moatte no ûndersikers mear ynsjoch jaan yn wat der mis giet by dy mokselbanken. De earste peal wurdt nije wike pleatst op it westlik Waad by Teksel. Letter dit jier komt der by Skier ek noch ien. Op it westlik Waad komt der yn 2012 in tredde peal.
De peallen binne ûnderdiel fan it projekt Mosselwad, dêr't tal fan ûndersikers yn gearwurkje.