Plysje siket helm fan oerfal

Om sa'n helm giet it
De plysje siket minsken dy't mear witte oer de helm dy't in man op hie, doe't er ein july in kasino op De Lemmer oerfoel. Ut plysje-ûndersyk is dúdlik wurden dat der fan dy helm mar in pear ferkocht binne yn hiel Nederlân. It giet om in helm fan it merk X-lite type Circuit. De plysje wol graach witte fan wa't de helm is of wa't sa'n helm hân hat. Koart nei de oerfal hâlde de plysje in fertochte oan, mar al gau die bliken dat dy der neat mei te krijen hie.