Soargen oer âldste boekebeam

23 aug 2011 - 12:08

Steatsboskbehear makket him soargen oer de 300 jier âlde boekebeam yn it park fan Staniastate by Oentsjerk. De nei alle gedachten âldste boekebeam fan Fryslân giet hurd achterút. De beam is hol, der groeie poddestuollen op de woartels en de boppeste tûken binne keal. De beam hat ek de stipe nedich fan kabels om de swierste tûken noch drage te kinnen.

Steatsboskbehear set alles op alles om de beam sa lang mooglik foar Staniastate en Oentsjerk te behâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)