Meldings Misdied Anonym súkses

Yn Fryslân binne dit jier fiif plysjesaken oplost troch tips by it Meldpunt Misdaad Anoniem. Mei help fan tips koene in tal wytplantaazjes yn Ljouwert en Tsjummearum oprôle wurde.
De plysje koe yn july sân fertochten oanhâlde foar de mishanneling fan in groep silers yn Grou. Fierder krige de plysje in brûkbere tip binnen oer in frou út Snits dy't yn juny dea fûn waard yn har wenning. It ûndersyk nei dizze saak rint noch.