Lintsje foar PC-man Suierveld

Jan Suierveld tusken syn bestjoersleden
Jan Suierveld fan Weidum is moandei by de lotting fan de 35e frouljus-PC yn Weidum beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy is de betinker fan de frouljus-PC. Hy is ek al jierren de foarsitter fan de keatswedstriid. Suierveld set him ek al jierren yn foar it muzykkorps yn it doarp.
De frouljus-PC is de wichtichste keatswedstriid foar de froulju. Omrop Fryslân docht woansdei ferslach fan de earste oant de lêste slach.