Optocht mei hûnen yn Ljouwert

foto www.eurodogshow.nl
It earste wykein fan septimber stiet it WTC-Expo yn Ljouwert folslein yn it teken fan hûnen. Mear as 11.000 hûnen wurde ferwachte op de Eurodogshow. As opwaarmerke foar de show wol de organisaasje kommende sneon in grutte hûne-optocht troch de Ljouwerter binnenstêd hâlde
De bedoeling is dat safolle mooglik hûnerassen meidwaan sille. De start is middeis om 14.00 oere by de Aldehou. De showband Takosta fan Stiens sil de optocht muzikaal begeliede.