Moaie lotting 35e frouljus-PC

22 aug 2011 - 20:42

De favorite partoeren foar de 35e frouljus-PC treffe inoar nei alle gedachten pas yn de finale. Topfavoryt is it partoer fan Margriet Koelmans, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Sy wûnen dit seizoen al tsien frijeformaasjepartijen. Koelmans-en-dy nimme it yn de earste omloop op tsjin Sanne Velsma-en-dy.

In oar sterk partoer, dat fan Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Gérieke de Groot, keatst yn de earste omloop tsjin Rianne Vellinga-en-dy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)