Fryske hûnen yn Euro Dog Show

22 aug 2011 - 16:50

Foar it earst kinne Fryske hûnerassen meidwaan oan in Europeeske show op Fryske grûn. Fan 1 oant 4 septimber wurdt yn it WTC Expo yn Ljouwert de Euro Dog Show holden. De Nederlânske rassen sille op dy dagen in prominint plak ynnimme. Der dogge 9 wetterhûnen en 55 stabijs mei oan de show en dat is in soad foar de Fryske rassen.

De hûnen wurde ek bûten Fryslân hyltyd populêrder. Der binne foar de stabij al ferienings yn Sweden, Denemarken, Finlân, Noarwegen, Amearika en Kanada.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)