Fermist Snitser famke wer fûn

It Snitser famke fan 8 jier dat sûnt moandeitemiddei healwei ienen fermist waard is tsjin fiven wer sûn en wol weromfûn. It famke wie op har rôze widdofyts fan hûs gien. Doe't se net wer kaam sloech har famylje alarm
Der waard troch de plysje in grutte sykaksje yn gong set en ek famylje en buorlju sochten mei. Mar nei goed fjouwer oeren wie it famke wer teplak.