Minder oanmeldings Parnas
Keunstesintrum Parnas yn Ljouwert hat in stik minder oanmeldings foar it nije kursusjier. Der binne no goed 1000 nije learlingen ynskreaun, wylst dat twa jier lyn noch hast 3000 wiene.
De gemeente Ljouwert wol flink besunigje op de subsydzje oan Parnas en dêrom driget der in sluting foar it sintrum. In soad Friezen tinke dat de lessen takom jier al ophâlde en dêrom skriuwe der no al in stik minder minsken har yn. Op 10 septimber hâldt Parnas iepen hûs.