Dielname Red Arrows ûnwis
It is noch ûnwis oft it Britske stuntteam de Red Arrows meidocht oan de fleanshow fan de loftmachtdagen, heal septimber. Ofrûne wykein stoarte ien fan de fleantugen del by in show yn Ingelân. Dêrby kaam de piloat om it libben. Oant dúdlik is wat der krekt bard is, meie de tastellen net fleane.
De loftmachtdagen wurde holden op 16 en 17 september.