Frouljus PC op OmropLive.nl

It wedstriidfjild yn Weidum
Omrop Fryslân bringt de Frouljus PC yn Weidum wiidweidich by jo thús. Hokker partoer wint dizze PC en wa folget Afke Hijlkema op as keninginne? Jo kinne it keatsen de hiele dei folgje op ús ynternetstjoerder Omroplive.nl.
Sjoch fan 11:00 oere ôf de bylden op www.omroplive.nl mei kommentaar fan Germ Stekenes en as sidekick keatster Hermine Sytema dy’t foar de organisaasje ek ynterviews docht. Ek de lotting is moandeitejûn om 20.00 oere live te sjen op www.omroplive.nl.