Grien ljocht Kenny Steppe

Kenny Steppe
Keeper Kenny Steppe kin foar it earst sûnt in jier wer keepe foar Hearrenfean. Steppe hat fan de dokters út Antwerpen te hearren krigen dat er syn pols wer folslein belêste mei.
De Belgyske keeper is yn jannewaris operearre, omdat in breuk yn syn hân net goed better waard. Syn lichem makke net genôch kalk oan. Se ha in stikje bonke út syn bekken helle en op it plak fan syn breuk pleatst. De skroef dy't se pleatst hiene, is no wer ferwidere.