Swarte Cross profesjoneler

22 aug 2011 - 11:03

De organisaasje fan de Swarte Cross yn Blije moat takom jier grutter en profesjoneler. Ek moat der miskien security komme op it terrein. Dat binne de earste konklúzjes nei it ôfrûne wykein. Op de Swarte Cross kamen sneon 2000 minsken ôf.

Troch de wiete banen rekke it raceskema hielendal yn de war. Ek moast in koereur út syn auto knipt wurde. Dêrtroch moast in part fan de races skrast wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)