Mariska Kramer knap fjirde

21 aug 2011 - 17:43

De Drachster atlete Mariska Kramer is snein as fjirde eindige op in ynternasjonale hurdrinwedstriid yn it Dútske Schortens. Yn de wedstriid oer 10 Ingelske milen, sawat 16 kilometer, lei Kramer lang tredde, mar de Poalske Agnieska Kiolek helle har krekt foar de ein yn.

De wedstriid waard wûn troch de Keniaanske Tabitha Wambui. Kramer riedt har ta op de maraton fan it Amerikaanske Columbus, Ohio, op 16 oktober.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)