Regels tsjin ambulânseklevers

21 aug 2011 - 15:03

Der moat ien dúdlike oanpak komme tsjin ambulânseklevers. CDA-Twadde-Keamerlid Sander de Rouwe út Boalsert is dwaande dêr lanlike regels foar op te stellen. It bart hieltyd faker dat minsken achter in ambulânse oanride om sa rapper troch it ferkear te kommen.

Yn Fryslân waarden dêr ferline wike twa bestjoerders foar oanholden. De Rouwe wol dat ambulânsepersoniel makliker in klever melde kin. Dat soe dan by in spesjaal meldpunt moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)