Hege stekken Drachtsterplein

21 aug 2011 - 14:54

By it Drachtsterplein komme ekstra hege stekken om fytsers tsjin te hâlden. De gemeente nimt dy maatregel omdat guon fytsers noch altiten oer it drokke ferkearsplein ride. It plein wurdt no nij ynrjochte en dêrom meie fytsers der net komme.

De gemeente fynt it Drachtsterplein sûnder goeie stopljochten foar fytsers te gefaarlik en grypt dêrom yn. De fyts- en kuierrûtes nei it plein ta wurde ôfsletten mei lege stekken en tichtby it plein komme hege stekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)