Man spuitet mei triengas

Yn Ljouwert hat de plysje yn de nacht fan sneon op snein in 44-jierrige man út de stêd oanhâlden om't er in oare man mei in mes bedrige en dêrnei triengas yn syn gesicht spuite.
It slachtoffer hat sels 112 belle en doe't de plysje kaam, koe de fertochte oanholden wurde. Hy is ynsletten op it plysjeburo foar bedriging en foar it besit fan it ferbeane cs-triengas.