Pepperspray moat man bedimje

21 aug 2011 - 14:08

Yn Drachten hat de plysje sneontenacht in 29-jierrige man út Oerterp oanholden foar it wegerjen fan it befel. De man gedroech him ferfelend op de Kaden en doe't de plysje tsjin him seine dat er fuortgean moast, wegere er dat.

De fertochte fersette him bot doe't plysjes him oanhâlde woene. Mei pepperspray koe de man oanholden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)