Proefboarrings by Waaksens

21 aug 2011 - 13:12

Oaljemaatskippij Vermilion fan Harns set moandei útein mei proefboarrings by Waaksens (L). It bedriuw tinkt dat dêr in lyts gasfjild leit. It is de twadde boarring op rige yn Fryslân. Op it stuit wurdt by Nijhoarne socht nei gas en ynkoarten folgje proefboarrings by De Knipe en yn de Stellingwerven.

Eardere proeven by Finkegea wiene suksesfol. Dêr wurdt sûnt koart gas út de grûn helle. De boaiem sil dêr nei alle gedachten maksimaal 2 sintimeter sakje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)