Duo Hilboezen wint pealsit NK

21 aug 2011 - 10:33

De twadde edysje fan it iepen NK duo-pealsitten yn Kollum is sneontejûn wûn troch Dorrie en Richtje Hilboezen. Mem en dochter hawwe sûnt ferline wike tongersdei mei-inoar 3472 minuten op de peal sitten. Jildert Hellinga en Erik Bruinsma waarden twadde. Sy hawwe wat faker skoft naam en sadwaande seis minuten koarter op de peal sitten.

Tolve dielnimmers hawwe oan it NK meidien. Sân dêrfan hawwe de wedstriid net ôfmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)