Twente fernederet Hearrenfean

Kruiswijk wie net goed op dreef
Sportklup Hearrenfean hat de thúswedstriid tsjin FC Twente dik ferlern. De Tukkers wiene de folsleine wedstriid de bettere ploech en wûnen mei mar leafst 5-1.
Doelpuntemakkers foar rêst wiene De Jong, Janssen en Janko. Yn de 66ste minút makke Bajrami mei in geweldich ôfstânskot 4-0. Narsingh like trije minuten foar tiid de eare te rêden, mar ien minút foar tiid waard de ôfstraffing kompleet en makke Janko út in penalty de 5-1.