Gert-Anne vd Bos wint Moarre

20 aug 2011 - 17:53
  • Utblinker Gert-Anne van der Bos (foto: Henk Bootsma)

De haadklasse útnoegingspartij foar manlju yn Moarre is sneon wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Michel van der Veen en Pier Piersma. Yn de finale wiene se mei 5-3 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Pieter Althuis, Hylke Bruinsma en Daniël Iseger.

It partoer Van Althuis stie mei 3-1 foar, mar dêrnei wie it Gert-Anne van der Bos dy't mei sublym spul de wedstriid kantele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)