Willem Hut twad by skeelerjen

20 aug 2011 - 17:28

It iepen Nederlânsk kampioenskip skeelerjen by Hallum is sneon wûn troch Cristijn Groeneveld út Heerhugowaard. Hy wûn de sprint fan Willem Hut út Waskemar dy't twadde waard.

De Bartlehiemer skeelertocht gie oer 100 kilometer. Durk Fabriek fan Jobbegea makke ek lang diel út fan de kopgroep, hy waard fiifde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)