Man dwaalt by sikehûs om

20 aug 2011 - 15:24

De plysje hat freedtejûn in man fan 24 út Poppenwier oanhâlden, omdat er mei syn auto op it terrein fan it sikehús fan Snits omdoarme. Hy naam in ferkearde ôfslach en ried dêrby hast troch de slachbomen. Dêrnei woe er de yngong fan de ambulânses ynride.

De man waard oansprutsen troch de befeiliging en dy seach dat er net oansprekber wie. De plysje waard warskôge. Dy koe de man net wekker krije. Nei in pear minuten kaam er by en waard meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)