Man fermist op de Noardsee

19 aug 2011 - 18:03

De kustwacht fan Den Helder hat freed op de Noardsee boppe Texel socht nei in fermiste man. De man dy't meifear op in skip mei de flagge fan de Bahama's, is freedtemoarn betiid foar it lêst sjoen.

De kustwacht hat ûnder oare socht mei in fleantúch en in skip. Mei troch de wettertemperatuer is om healwei fiven middeis besletten de sykaksje stop te setten. De man is noch net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)