Amusetour op Waadeilannen

19 aug 2011 - 16:22

De Waadeilannen binne dwaande mei in restauranttour. Yn it tal ytgelegenheden kinne de gasten dan lytse hapkes priuwe, saneamde amuses. Restaurateurs op It Amelân, Skylge en Flylân binne entûsjast. Der dogge op in eilan sawat tsien restaurants mei. De amusetour is op ien en deselde dei. Mei ien kaartsje kinne de gasten dêr dan oeral ite.

It meast konkreet binne de plannen op Flylân. Dêr stiet de earste amusetour pland op 1 oktober.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)