Sluting coffeeshop oanfochten

Foto: Omrop Fryslân
It nije, strangere coffeehopbelied fan de gemeente Ljouwert leit ûnder fjoer. De gemeente wol Flower Power foar trije moanne slute om't sy harren net oan de regels hâlden hawwe. By in plysjekontrôle is in minderjierrige yn de saak oantroffen.
Flower Power jout ta dat se ferkeard west hawwe, mar fynt dat in sluting fan trije moanne te fier giet. Se hawwe in advokaat op de saak set en dy begjint in koart pleit. De rjochter docht nije wike freed útspraak.