Rappe riders pakt yn Ljouwert

De plysje hat op ferskate plakken yn Ljouwert kontrolearre op hurdriderij. Dêr komme in soad klachten oer. Op de Julianaleane riden 150 bestjoerders te hurd. De rapste gie 75 kilometer yn de oere, wylst dêr maksimaal 50 mei. Op de Goudenregenstrjitte giene 46 te hurd. De hurdste stode dêr mei 80 kilometer oer de dyk dêr't 50 riden wurde mei. Yn de Willem Loadewijkstrjitte waard 161 kear te hurd riden. De hurdste auto gie dêr 80 kilometer yn de oere. Dêr jildt ek 50.