Wervel fan spitssnútdolfyn fûn

Piet Metz mei de wervel (foto: Natuurcentrum Ameland)
Foar de earste kear is op It Amelân in bonke fan in spitssnútdolfyn fûn. It giet om in wervel. Miljeujutter Piet Metz fûn him al op 10 augustus, mar doe wie noch net bekend wêr't de grutte bonke fan is. It bist is 5 meter lang.
De fynst is opstjoerd nei Naturalis yn Leiden. Dêr hawwe saakkundigen fêststeld dat it om in bonke fan in spitssnútdolfyn giet. It Natuersintrum op It Amelân wol de wervel graach yn de kolleksje hawwe