Omrop rydt mei op Swarte Cross

19 aug 2011 - 11:18

Omrop Fryslân docht sneon mei in spesjale Omropauto mei oan de Swarte Cross yn Blije. Ferslachjouwer Geert van Tuinen rydt trije races mei. Hy docht dêr yn de auto middeis live ferslach fan foar it radioprogramma Simmer yn Frylân.

Van Tuinen hie Peaskemoandei oan de organisaasje frege oft er net ris meirace koe. Mar der wie gjin duositter foar hannen. Spesjaal dêrfoar waard in âlde Sirocco foarsjoen fan twa sitplakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)