Galama wint yn Drylts

Ysbrand Galema (foto: Martin de Jong)
Ysbrand Galama hat tongersdei it fierljeppen yn Drylts wûn. Mei in sprong fan 19,41 meter bleau er de Frysk Kampioen Thewis Hobma 31 sintimeter foar. Bart Helmholt waard tredde mei in sprong fan 18,87 meter.
Hiske Galama wûn by de froulju. Sytse Bokma wie wer de bêste by de jonges. Hans Ulco de Boer waard earste by de junioaren.