Drok by ôfskied fan Korbach

18 aug 2011 - 22:08

1500 minsken hawwe tongersdeitejûn yn it Cambuurstadion ôfskied naam fan de snein ferstoarne fuotbaltrainer Fritz Korbach. Under harren ek bekenden út de fuotbalwrâld lykas Leo Beenhakker en Jaap Stam.

Minsken koene it kondoleânse-register tekenje en ôfskied nimme fan Korbach dy't yn in iepen kiste yn de sakeklup lei. Der wiene gjin taspraken. Korbach wurdt freed yn besletten kring kremeard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)