Weet let fan it lân troch waar

18 aug 2011 - 21:19

It weet komt dit jier folle letter fan it lân as oare jierren. Ferline jier wie sa'n bytsje 80% al terske, no noch mar 5%. De oarsaak is it wiete waar fan de ôfrûne wiken.

Dêrtroch is it kwalik mooglik it weet droech fan it lân te krijen. Dat betsjut dat boeren ekstra jild kwyt binne oan droechkosten. It kin ek konsekwinsjes ha foar de kwaliteit. Neffens Jelte Pars fangruthannel George Pars fan Sint Jabik is dy kwaliteit no noch goed en de prizen ek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)