Syb yn foar operasjongen

Syb van der Ploeg (Foto: Martin de Jong)
Syb van der Ploeg docht ein dizze moanne mei oan de twadde edysje fan TV-programma 'Van popster tot operaster'. Yn it programma besykje seis súksesfolle Nederlânske artysten om de sprong fan pop nei klassike muzyk te meitsjen.
Foar de artysten is it in dûbele útdaging. Se moatte net allinnich hiel oars sjonge, mar ek yn in oare taal. De seis dielnimmers binne al drok oan it repetearjen mei help fan in spesjale sjongcoach.