Pealsitten los yn Kollum

It pealsitten yn 2010
De kommende dagen hat it pealsitten Kollum wer yn de besnijing. Der steane 7 peallen opsteld yn de feart, dêr't ien solo-pealsitter en seis duo's op sitte kinne. Tongersdeitemoarn om 10 oere binne de minsken op de peallen klommen en dan giet it der fansels om wa't it it langste folhâldt.
Sneontejûn 10 oere meie se der wer ôf. Allinne de solo-sitters meie koarter sitte, want dy sitte foar it goeie doel dat dit jier keazen is foar de opbringsten fan it evenemint.