Frou ferwûne by oanriding

18 aug 2011 - 10:44

In 60-jierrige frou út Drachten is woansdei ferwûne rekke by in oanriding. De frou ried op har snorfyts op de Kerkstraat yn har wenplak. Doe't se ôfslaan soe, waard se hindere troch in man op in brommer. In oanriding wie it gefolch en se rekken dêrby beide oer de weareld.

De frou rûn ferwûnings op oan de knibbel en earmtakke. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)