Jouster Zijlstra PVV-kandidaat

Auke Zijlstra
Auke Zijlstra, dy't op 'e Jouwer berne is, wurdt de opfolger fan de opstapte PVV Europarlemintariër Daniel van der Stoep. Dy feroarsake woansdei in oanriding wylst er drank op hie. Van der Stoep fynt dat dit foarfal net te rymjen is mei syn wurk as folksfertsjintwurdiger.
Zijlstra stie as sechde op de list fan de PVV by de Europeeske ferkiezings en wie beliedsmeiwurker op it ministearje fan Ynlânkse Saken.