Boetes foar fiskers
De plysje hat woansdeitemiddei op it stik Van Harinxmakanaal yn de gemeente Frjentsjerteradiel fjouwer fiskers op 'e bon slingere. De fjouwer fisken op it wetter sûnder dat se der tastimming foar hiene.
Der waarden ek twa skippers bekeurd. Dy fearen yn in snelle motorboat, mar dan sûnder farbewiis.