Camper en hûs yn 'e brân

18 aug 2011 - 07:56
  • Foto: Dirk Baron/Omrop Fryslân

De plysje hâldt rekken mei brânstifting yn in âld-papierkontener tongersdei by in brân oan de Bloemkamp yn Drachten. Dy brân sloech oer nei in camper en in wenhûs. Omdat dêrby it dak yn 'e brân rekke, helle de plysje ek de bewenners fan de rest fan it blok wenningen út 'e hûs.

De camper stie op de oprit neist it hûs. Ien fan de beide gasflessen yn de camper is by de brân ûntploft. De camper is folslein útbaarnd, de wenning rûn grutte skea op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)