Lêste optreden Hepie&Hepie

17 aug 2011 - 20:20

It duo Hepie en Hepie hat dizze wike syn lêste single opnommen en no komt ek it alderlêste optreden yn sicht. Wa't de sjongeressen út de Wâlden noch in kear live meimeitsje wol, moat dêrfoar nei Twello. It duo stiet dêr op 3 septimber op it poadium fan de Simmertoer fan RadioNL en TV Oranje. Dan komt der nei 30 jier in definityf ein oan it bestean fan Hepie en Hepie.

Mids oktober ferskynt noch it album mei harren grutste hits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)