Ljouwerter fivers groeie ticht

17 aug 2011 - 19:25
  • Tichtgroeide fivers (foto's: Omrop Fryslân/Onno Falkena)

De fivers yn de Ljouwerter wyk Cammingabuorren groeie ticht mei ûngelykblêdich fearkrûd. It plantsje komt noch mar in jier of seis yn Nederlân foar. It krûd groeit hiel hurd en is dreech te bestriden.

Buertbewenners binne der tige ûngelokkich mei, want boatsjefarre, fiskje en swimme yn de fiver kin net mear. Ferskate buertbewenners hawwe dan ek al klage by de gemeente Ljouwert, mar dy seit dat se der dizze simmer neat mear oan dogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)