Doweflecht op De Westereen

17 aug 2011 - 16:57

Op 'e Westereen is woansdei in tradisjonele doweflecht hâlden. Dat betsjut dat dowemelkers de dowen nei oankomst op ien sintraal punt yn it doarp ynklokke moatte. Der wurdt gjin digitale apparatuer brûkt.

Gewoanwei sjocht in dowemelker thús hoe lang't syn do oer in flecht dien hat. Dizze kear moat dat by de doarpskroech kontroleard wurde. Dat wie eartiids ek sa. Sa'n 50 minsken diene mei. De dowen ha foar de wedstryd 190 kilometer flein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)