Mingd gefoel oer bou garaazje

Drachtster ûndernimmers ha mingde gefoelens oer de bou fan de parkeargaraazje op it Raadhuisplein. Se binne bliid dat de bou lang om let begjint, mar fine it spitich dat se goed twa jier lang op in bouput útsjogge.
It bedriuw Tip Personeeldiensten tinkt deroer nei om te ferhúzjen. De oare bedriuwen ferwachtsje ek dat it dreech wurdt, mar ha goede ferwachtings fan de parkeargaraazje dy't der aanst komt.