Jubileum yn Bornia Herne

17 aug 2011 - 14:23

Yn ferpleechhûs Bornia Herne yn Ljouwert is woansdei in bysûnder jubileum. Bewenner Richard de Boer wennet dêr fjirtich jier. Hy kaam yn Triotel, it letter Bornia Herne, doe't er 19 wie. As jonkje fan 8 wie er oanriden en moast er tsien jier revalidearje.

Richard de Boer hat jierren holpen mei it rûnbringen fan de post. No't er 59 jier is, docht er it rêstiger oan. It bart net faak dat ien salang yn in tehûs wennet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)