UPC: alle regionalen op tv

UPC jout fan 1 septimber ôf alle regionale omroppen troch fia it digitale pakket foar televyzje. Neffens in wurdfierder fan de kabeleksploitant hat dat neat te krijen mei it beslút fan konkurrint Ziggo om krekt minder regionale omroppen yn it digitale pakket op te nimmen.
Dêrtroch kinne klanten fan Ziggo yn Fryslân inkeld noch sjen nei regionale stjoerders fan buorprovinsjes, as Grinslân en Drinte.